2575
Reageren
Zoekvraag: 
Sa folle mooglik Frysktaligen en oarstaligen socht om mei-inoar in taaloerdachtprojekt te dwaan. Want der wurdt no hieltyd minder Frysk praat om't der hieltyd mear minsken komme dy't de taal te min yn 'e macht ha. Dy trend moat omkeard, om it kostbere ymmateriële kulturele erfskip fan ús libbene taal te bewarjen. It behearskjen fan in pear tûzen wurden fan in taal is al genôch om deryn kommunisearje te kinnen. As de kommende tiid safolle mooglik Frysktaligen in hânfol Fryske wurden deis oan net-Frysktaligen bybringe, kin it KH-jier úteinsette mei it nijs dat it Frysk wer mear brûkt wurdt. It is fansels saak safolle mooglik Friezen yn dit inisjatyf te belûken. Jou it idee dêrom troch.
Mei-inoar rêde wy it Frysk
15 juni 2016 tot 30 november 2018
Projectomschrijving: 

Alle Frysktaligen dy’t wiis binne mei it Frysk kinne daliks úteinsette mei it oerdragen fan sa’n fiif Fryske wurden deis oan net-Frysktaligen dy’t de taal behâlde wolle. It projekt is grut mar fergees en maklik te realisearjen, want it is mei sizzen al te dwaan en der hoecht neat organisearre te wurden. Elkenien soe sels in taalmaatsje sykje kinne. Mar sa strukturearre hoecht it net iens. Praat gewoan tsjin elkenien Frysk en jou der in oersetting by fan de wurden dy’t net daliks ferstien wurde. Sykje ris wat moaie wurden op dy’t jim net safolle mear hearre – lês foar ynspiraasje in Frysk boek of sjoch op Startside.frl foar Frysktalige websiden – en brûk dy ek wer ris. Trúnje oaren oan om itselde te dwaan. It is allinnich in útdaging om troch bewende patroanen hinne te brekken. Mar dat is no wol nedich. Oars fergiet ús kultureel erfskip.

Contactpersoon: 
Nanne Hoekstra
E-mailadres: 
nannehoekstra@hotmail.com
Discipline: 
Educatie
Zoekvraag categorie: 
Communicatie