2350
Reageren
Zoekvraag: 
Jankfoddekoar Tûzen Triennen út Britsum bestiet 20 jier. Dat wolle wy fansels fiere! Wy dogge dat mei in hiel spesjaal optreden: ‘Underweis mei Sterke Punten’. Fanôf novimber 2017 sille wy hjirmei lâns tsien teaters, doarpshuzen en ferienings. Hoe maken wij onze optredens zo zichtbaar mogelijk?
Jankfoddekoar Tûzen Triennen
18 november 2017
Projectomschrijving: 

Underweis mei Sterke Punten

Fanôf novimber 2017 sille wy hjirmei lâns tsien teaters, doarpshuzen en ferienings. Yn Fryslân, mar ek oer de provinsjegrins. Jo kinne derby wêze. Yn ús aginda fan de webside fine jo de ferskillende lokaasjes en data.

‘Underweis mei Sterke Punten’ is ynteraktyf en ôfwikseljend. Lykas oars sjonge wy in grut ferskaat oan moaie fleurige ferkes. Brocht mei in protte gefoel en entûsjasme. Mei ien, twa of trije koarstimmen en soms in solo of duet. En mei unike teksten. Selsskreaun en yn it Frysk. Oer it libben en de leafde, trochspekt mei in soad humor en selsspot. Mei dizze sterke punten witte wy ús publyk te boeien en te reitsjen!

Mar yn dizze foarstelling bart noch folle mear. Sa kinne jo ek genietsje fan ferrassende akts en grappige filmkes. En fansels fan de gefoelige en swingende klanken fan ús kombo. ‘Underweis mei Sterke Punten’ is dus seker gjin gewoan koaroptreden, mar in noflik jûntsje út foar elkenien dy’t hâldt fan muzyk, sjongen, wille en… triennen!

Contactpersoon: 
Jetty Tromp
E-mailadres: 
jettytromp@live.nl
Discipline: 
Muziek
Zoekvraag categorie: 
Overig