1932
Reageren
Zoekvraag: 
2 vrijwilligers voor het begeleiden van de wandeling. Zorgen dat het publiek veilig oversteekt, doorloopt en stilstaat op de goede plaatsen.
Literêre kuier
07 september 2018 tot 22 september 2018
Projectomschrijving: 

De literêre stêdskuier De Wuttelhaven del is in projekt binnen Lân fan Taal dat yn it neijier fan 2018 plakfine sil. De kuier is fundearre op de oarlochsroman fan Gysbert Japixcpriiswinner Steven H.P. de Jong. De haadrolspiler Eeltsje wrakselet mei it feit dat syn heit fout wie yn de oarloch. Dy wie haadredakteur fan de Ljouwerter Krante yn de Twadde Wrâldkriich. Eeltsje syn mem Jildau hat dêryn in tige subtile haadrol spile. Dosint Eeltsje wit net wat er oan moat mei it pestgedrach yn syn klasse, dat in soad wei hat fan antisemitisme. As er befreone rekket mei de heit fan de joadse learlingen, besiket er om syn ferline geheim te hâlden. Sawol Eeltsje as syn heit hawwe in perspektyf. It ferhaal yn it boek tsjinnet as reade tried foar gedichten en lytse toanielstikjes op de rûte yn de talen Frysk, Ljouwertersk, Nederlânsk en Dútsk. De kuier rint troch moaie stikjes Ljouwert, mar lit tagelyk in tsjustere kant sjen. Op de rûte sille spilers de tema’s ferwurkje en sa it ferhaal fertelle.

De rûte begjint Achter de Hoven dêr’t famylje Van Haelen wenne dy’t alle sneinen de rûte nei tsjerke rûn. Oer de Maria Louisastrjitte, Emmakade, Keningsstrjitte lâns it kastiel fan Kening David yn de Slotmakkersstrjitte. De rûte rint nei de Grutte Tsjerke dy’t in kaairol spilet yn it ferhaal. De kuier einiget op de ‘kastieltún’ mei in spektakulêr einstik.

Spyldata:

7 septimber 2018
15 septimber 2018
21 septimber 2018
22 septimber 2018

Entree: €5

Ynfo kaartferkeap: https://sigridkingma.wordpress.com/de-wuttelhaven-del/

Achtergrond van de cultuurmakers: 

Dichters Arjan Hut en Sigrid Kingma binne de inisjatyfnimmers fan de literêre kuier. Beide ha in soad ûnderfining mei poadiumkeunsten. Sy fersoargje it skript en de útfiering fan de haadlinen foar de kuier. Ferskate bekende en ûnbekende artysten dogge mei oan it projekt. 

Contactpersoon: 
Sigrid Kingma
E-mailadres: 
sigrid_kingma@msn.com
Discipline: 
Literatuur
Multimedia
Muziek
Taal
Theater
Zoekvraag categorie: 
Artistiek
Medewerkers